Meifaller Revalidaasje Fryslân

Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach hat moandei fia de post 20-tûzen euro oan kontant jild krigen, mar wit net wa't dat stjoerd hat. Moandei kaam der in pakketsje binnen dat net oantekene wie en dêr't ek gjin brief by siet. Dêrtroch is it in riedsel wêr't dat jild wei komt.
Foarsitter Gerrie Eikelboom fan de Ried fan Bestjoer fan Revalidaasje Fryslân is wiis mei it jild, mar wit noch net wat de ynstelling dermei dwaan sil.