Fytspaad Arum-Achlum iepene

23 aug 2010 - 22:24
  • De wethâlders iepenje it fytspaad

De skoalbern út Arum kinne tenei feilich nei skoalle yn Frjentjser fytse. De gemeentes Wûnseradiel en Frjentsjerteradiel hawwe tegearre in nij fytspaad oanlein tusken Arum en Achlum. Foarhinne moasten fytsers dêr gewoan tusken de auto's en trekkers fytse op in 80-kilometer dyk.

De ferienings foar Doarpsbelangen fan Arum en Achlum hawwe jierren pleite foar de oanpak fan dizze rûte. De oanlis fan it fytspaad hat goed 350.000 euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)