Joop Atsma bedobbe ûnder mails

23 aug 2010 - 17:50
  • Joop Atsma

It Fryske CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma út Surhústerfean wurdt op dit stuit bestookt mei in email-bombardemint fan minsken dy't tsjin de gearwurking mei de Partij Voor de Vrijheid fan Geart Wilders binne. De mails komme fan de organisaasje Nederland Bekent Kleur.

Atsma hat de ôfrûne dagen hûnderten mails binnen krigen en oant moandeitemiddei gie dat noch hieltyd troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)