Stoarmskea yn Fryslân

De stoarmige wyn soarget justermiddei en jûn rûnom yn de provinsje foar skea. De brânwacht hie it smoardrok mei it oprêden fan beammen en tûken dy't op gebouwen en auto's foelen. Simmerstoarmen soargje meastal foar mear skea, omdat de beammen dan noch fol yn it blêd sitte en folle mear wyn fange.
Foar safier bekend wie der allinnich sprake fan materiële skea.