Jild foar technyske ynnovaasje

It Fryslân Development Fûns stekt 150.000 euro yn it bedriuw NovolectriQ yn Ljouwert. It bedriuw rjochtet him op it ûntwikkeljen fan technyske ynnovaasjes op it mêd fan elektryske auto's en boaten. De ynvestearring moat soargje foar in trochbraak yn elektryske oantriuwing.
It bedriuw ûntwikkelet elektryske auto's en kaam earder dit jier spesjaal nei Ljouwert fanwege it goede klimaat foar duorsumens.