Noch twa ekstra Pake Sytses

23 aug 2010 - 14:07

Fanwege de grutte belangstelling komme der noch twa ekstra foarstellingen fan it iepenloftspul Pake Sytse op De Feanhoop. Dy wurde 21 en 22 septimber opfierd. Earder waarden der al fjouwer ekstra foarstellingen ynpland.

Meielkoar is Pake Sytse no sechtjin kear te sjen by de skriuwersarke fan Rink van der Velde. It stik is basearre op Van der Velde syn roman Pake Sytse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)