Undersyk nei JSF giet troch

In twadde ûndersyk nei it leven dat de Joint Strike Fighter makket, kin gewoan trochgean. Dat hat minister Van Middelkoop fan it Ministearje fan Definsje sein. De Twadde Keamerfraksje fan de SP woe it ûndersyk annulearje om't ôfpraat wêze soe gjin jild mear yn de JSF te stekken. Dat beslút moat noch naam wurde.
Fanwege de twifels by de provinsje oer it leven fan de JSF fynt de minister it in goeie saak dat der in nij ûndersyk komt dat dúdlikens jaan kin.