Ynbrekker oppakt yn Ljouwert

23 aug 2010 - 11:03

In 49-jierrige ynbrekker út Doornspijk is sneintenacht yn Ljouwert oanhâlden. De plysje seach nei de man út fanwege in ynbraak ferline wike yn Dokkum. De ynbrekker koe doe ûtnaaie, mar tsjûgen hiene in goed sinjalemint trochjûn.

De plysje seach de man sneintenacht rinnen op de Nijstêd en naam him mei nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)