Mei drank ride en ynbrekke

23 aug 2010 - 11:00

In 55-jierrige automobilist út Houtigehage is snein syn rydbewiis kwytrekke. De man siet mei te folle drank op achter it stjoer. De plysje sette him op de Fjouwerhústerwei yn Surhústerfean oan de kant.

Yn it jongerensintrum oan de Van Weerden Poelmanstrjitte yn Hurdegaryp is dit wykein ynbrutsen. Om deryn te kommen waard in doar fernield. Ut it gebou is in kompjûter stellen. In 45-jierrige ynwenner fan it doarp hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)