Feilichheid airstrip yn oarder

23 aug 2010 - 10:48
  • Foto: site eXplosianDragracing

It ûngelok op de airstrip yn Drachten wêrby't snein in 52-jierrige man út Almere om it libben kaam, is foar de gemeente Smellingerlân foarearst gjin reden om op 'e nij nei it feilichheidsplan te sjen.

Foar't de gemeente in fergunning jout, wurdt der sjoen hoe't it stiet mei de feilichheid. Dy is neffens de gemeente goed yn oarder. De regels fan de eigen brânsjferiening fan dragraces binne noch stranger as dy fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)