Rutmer v/d Meer wint yn Bitgum

22 aug 2010 - 18:09

It haadklasse keatsen snein yn Bitgum is wûn troch it partoer fan Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei. Se wûnen mei 5-3 en 6-0 fan it partoer fan Johan van der Meulen, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra.

De lytse preemje gie nei Marten van der Leest, Herman Sprik en Johannes Boersma. Dit jier waard by de Van Aismadagen keatst om 'levende have'. De winners krigen in hynder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)