Dielnimmer dragrace komt om

In 52-jierrige man út Almere is snein omkaam by in ûngelok op de airstrip yn Drachten. It slachtoffer die mei oan de dragraces op de airstrip. Nei sa'n 80 meter soe de motor fan it slachtoffer eksplodearre wêze. De motor ried dêrnei tsjin de fangrail. De bestjoerder foel dêrby fan de motor. It slachtoffer is op it plak sels oan syn ferwûnings ferstoarn.
De organisaasje hat it evenemint fierder ôfsein. Foar taskôgers wie der slachtofferhelp.