Theo Pijper twad op WK Eenrum

Theo Pijper
Theo Pijper is snein yn Eenrum twadde wurden yn de finale fan de fjirde wedstriid om de wrâldtitel by it gersbaanracen. De races ha in skoft stillein fanwegen in ûngelok by de sydspannen. De oare Fryske dielnimmers, Dirk Fabriek en Jannick de Jong, kamen net safier. Fabriek hie in misse dei en De Jong einige yn de heale finale. Hy hie te min punten om nei de finale troch te gean.
Grutte winner wie Andrew Appleton út Grut-Brittannië.