Partoer Wind wint yn Akkrum

22 aug 2010 - 16:30

It frouljuskeatsen snein yn Akkrum is wûn troch it partoer fan Maaike Wind. Mei Sjoukje Visser en Afke Hylkema wie se mei 5-2 en 6-4 sterker as Marie-Jetske Lettinga, Joutsen Okkema en Baukje Aalbers. De lytse preemje wie foar Margriet Koelmans, Romy en Bianca van der Veen.

It keatsen yn Akkrum wurdt sjoen as de generale foar de frouljus PC. Dy wurdt woansdei yn Weidum ferkeatst. Afke Hylkema is mei dit partoer favoryt. It sil har lêste PC wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)