Jild bedriging stúdzje Frysk

22 aug 2010 - 15:57

De stúdzje Frysk driget yn gefaar te kommen troch nije finansieringsregels. Neffens dy nije regels moat in studint fan dit jier ôf foar in twadde stúdzje goed sântûzen euro yn it jier betelje. De measte studinten by Frysk yn Grins dogge Frysk as twadde stúdzje.

Heechlearaar Jensma is benaud dat in soad minsken ôfheakje fanwege de kosten. Mooglik wurdt de stúdzje Frysk te lyts om troch te gean. In idee is om de stúdzje te ferbreedzjen mei omtinken foar oare minderheidstalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)