Foar 8e kear mei drank op ride

22 aug 2010 - 15:18

De plysje hat sneontenacht de auto fan in ynwenner (37) fan Houtigehage yn beslach naam. Hy wie foar de achste kear pakt mei drank op achter it stjoer. In tsjûge hie de plysje earder op de jûn warskôge dat de man dronken yn de auto stapte.

Yn Drachten waard er tsjinhâlden troch de plysje. Hy wegere de blaastest. Op it buro die bliken dat er tefolle drank op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)