Frou yn de war rint op dyk

22 aug 2010 - 15:16

In ynwenster (61) fan Amsterdam moast sneontenacht har rydbewiis ynleverje. Se wie mei har auto yn de sleat riden by Goutum. Nei it ûngelok wie se út har auto krûpt en de Oerisselsewei oprûn. Se wie yn de war. Omstanners hellen har fan de dyk.

De plysje woe de frou ûnderfreegje, mar se hie in frjemd ferhaal. Se is meinaam nei it buro en dêr is har rydbewiis ynnaam. De frou is oerdroegen oan de GGZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)