Ferwûnen ûngelok Snits

22 aug 2010 - 15:03

By in ûngelok op de Ljouwerterdyk yn Snits binne sneontejûn fiif minsken ferwûne rekke. Ien fan beide bestjoerders kaam op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Dêrtroch botsten in auto út Snits en in auto út Sint Anne frontaal op elkoar.

Der waarden fiif ambulânses oproppen. Fiif persoanen binne nei it sikehûs brocht. De dyk wie oardel oere ôfsletten foar al it ferkear. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)