Auto yn sleat; gjin sjauffeur

Plysje en dûkers fan de brânwacht ha sneontejûn fergees nei in bestjoerder socht. In autombilist op de A7 hie by Drachten in auto yn de sleat lizzen sjoen. Hy belle 1-1-2. Yn de auto waard net ien oantroffen, ek yn de sleat lei net ien.
De plysje die in oprop op Twitter om út te sjen nei in bestjoerder dy't mooglik wiet wurden wie. De wein is burgen. De plysje sil mei de eigner fan de auto yn petear.