Stellen bûtenboardmotor fûn

De plysje hat sneon in man (40) út Twizelerheide oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it stellen of ferkeapjen fan in stellen bûtenboardmotor. Earder dy dei wie de plysje trochjûn dat in motor fan in boat by Burgum stellen wie.
Nei ûndersyk die bliken dat de stellen motor mooglik by de man út Twizelerheide wie. De plysje fûn de motor yn syn hûs. De man is nei it buro brocht en foar neier ûndersyk ynsletten.