Slim ûngelok by gersbaanraces

By it WK langbaan gersbaanracen yn Eenrum is snein in slim ûngelok bard. Om twa oere rieden de sydspannen. By it útkommen fan in bocht gie it mis. Mooglik makke ien in stjoerfout en doe rieden de motors oer de blokken oan de binnenkant. Alles ried oer elkoar hinne, de iene motorrider oer de oar syn bakkenist.
Trije minsken rekken ferwûne, wêrûnder ien swier ferwûne. Se binne nei it UMCG brocht. Nei oardeloere is de wedstriid wer oppakt.