APV: hynstestront oprêde

22 aug 2010 - 13:48

Hynstestront moat tenei oprêden wurde yn Achtkarspelen. De gemeente hat yn de nije plysjeferoardering fêstlein dat net inkeld hûne-eigners poep fan har bist opromje moatte. Der komme in soad klachten oer stront op de dyk fan hynders en ponnys dy't ûnder it riden skite. It ferbod jildt foar de iepenbiere dyk en boartersplakken.

Der binne mear gemeenten mei in soartgelyk ferbod. Ek yn Tytsjerksteradiel moat de hynstestront opromme wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)