Wenningen ûntromme yn Ljouwert

22 aug 2010 - 08:31

Bewenners fan njoggen wenningen oan de Robinsonstrjitte yn Ljouwert moasten sneontejûn let tydlik har hûs út fanwege in mooglik gaslek.

Doe't de brânwacht oankaam, hiene bewenners sels de ruten en doarren al iepenset. In meiwurker fan gasnetbehearder Enexis hat ûndersyk dien yn de wenningen, mar koe gjin lek fine. Nei alle gedachten waard wat gasfoarming fanút it rioel rûkt. Om ien oere nachts mochten de bewenners werom nei harren wenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)