Bart Helmholt wint Fryslân Cup

De winners (foto: Martin de Jong)
Fierljepper Bart Helmholt is yn Drylts winner wurden fan de Fryslân Cup. De Frysk kampioen út Burgum sprong 20.29. Oane Galama fan It Heidenskip waard twadde mei 19.63, twillingbroer Ysbrand tredde mei 19.05.
By de froulju wie Snitser Anna Jet Leyenaar de bêste mei 14.78. Klaske Nauta waard yn eigen stêd twadde mei 14.10. Nard Brandsma fan It Heidenskip wie wer ris de bêste by de junioaren: 18.40. Age Hulder krige in blessuere, mar wûn wol mei 16.64 by de jonges.