Regels nedich foar hurdfytsers

21 aug 2010 - 14:11

It groeiend tal hurdfytsers soarget foar gefaarlike situaasjes op de fytspaden. Dat seit it Fytsersbûn. Der binne geregeld ûngelokken trochdat racefytsers folle hurder geane en faak gjin belle ha. Benammen ek om't de fytspaden hieltyd foller wurde. Der komme ek hieltyd mear gewoane fytsers en de fytspaden binne faak mar smel.

It fytsersbûn hat it ministearje fan ferkear om maatregels frege. In idee is om hurdfytsers op de autodyk ride te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)