Ynslûpster stelt sieraden

21 aug 2010 - 13:09

De plysje docht ûndersyk nei in ynslûping. De bewenster (86) fan it hûs oan de Deken Mulderstrjitte yn Wolvegea seach in ûnbekende frou op knibbels neist har bêd sitten. Doe't se frege wat de frou dêr die, antwurde se yn min Nederlânsk dat se oan it skjinmeitsjen wie.

De bewenster leaude dat net en stjoerde har fuort. Letter kaam se der achter dat se sieraden miste. Se hat oanjefte dien by de plysje. It is ûndúdlik hoe't de frou binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)