Tsjûgen socht fan oanriding

21 aug 2010 - 13:06

In famke (13) is freed oanriden op De Drift yn Drachten. De sjauffeur is dêrnei trochriden. Se foel mei har gesicht op de stoeprâne. Omstanners holpen har. Se gie nei it hûs fan in freondintsje, dêr't de plysje en de ambulânse belle waarden. Fan de oanriding wit se neat mear.

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer wa't it famke oanriden hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)