Frou botst op motor

21 aug 2010 - 12:22

In motorrider (41) út Ljouwert moast freed foar ûndersyk nei it sikehûs. Hy hie in ûngelok hân by de rotonde op de Grienewei yn syn wenplak.

In frou fan 66 seach net dat it ferkear foar de rotonde stilstie. Dêrtroch botste se mei har auto op de motorrider. Troch de klap kaam de bestjoerder fan de motor mei syn búk tsjin de benzinetank oan. Nei ûndersyk yn it sikehûs mocht hy wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)