Kampanje foar 'merk' Fryslân

De helte fan de Nederlanners ken Fryslân net, docht bliken út ûndersyk. De provinsje begjint dêrom mei in kampanje om fan Fryslân in bekend merk te meitsjen. Under de namme 'Fan Fryslân' wurkje bedriuwen en ynstânsjes gear om mear bekendheid te krijen.
Mei de toeristyske bekendheid sit it wol goed, mar troch de kampanje moatte mear Nederlanners yn 'e kunde komme mei Fryslân as plak om te wenjen, te wurkjen en te studearjen.