Tallship en kotter yn botsing

21 aug 2010 - 08:25

Op de Noardsee by Flylân is freed grut alarm slein nei in oanfarring tusken in tallship en in fiskkotter. De Dútske trijemêster Alexander von Humboldt en it fiskerskip Andrea kamen der beide mei lichte skea ôf. Gjin ien rekke ferwûne.

Ut foarsoarch giene fjouwer rêdingboaten fan Flylân en Skylge op de melding ôf. It tallship koe op eigen krêft trochfarre nei Bremerhaven. De bemanning fan de Andrea is fierder gien mei fiskjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)