Cambuur wint fan Emmen

20 aug 2010 - 22:34

Cambuur hat ek de twadde wedstriid fan it nije seizoen wûn. Yn it eigen stadion wienen de Ljouwerters mei 2-1 te sterk foar FC Emmen. De earste helte einige yn 0-0.

Fiif minuten nei it skoft iepene Nassir Maachi de skoare foar Cambuur. De oanfaller krige dêrnei noch in moaie kâns, mar dy miste hy. Yn de 78e minút makke Reza Ghoochannejhad de 2-0. Emmen kaam yn de slotfaze noch op 2-1 troch Guus de Vries. Cambuur hat no 6 punten út twa wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)