Hûs te keap om teater

20 aug 2010 - 19:54

Bewenners om it nije kulturele kwartier yn Snits hinne binne sa frustrearre oer de gong fan saken om de bou dat se harren hûs te keap setten ha. It giet om trije hûzen oan de Kerkgracht yn de stêd en ien oan it Oude Kerkhof. De bewenners fine dat de gemeente net genôch harket nei harren klachten en winsken. It nije teater en de oare kulturele ynstellings soene foar mear oerlêst soargje as de gemeente tinkt. De gemeente begrypt de klacht net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)