Fjetnam yn Fryslân foar wetter

20 aug 2010 - 16:29
  • De Fjetnameeske ambassadeur yn Strobos

Ambassadeur Minh Chinh fan Fjetnam wie freed yn Fryslân om him te ferdjipjen yn wetter. Hy waard ûntfongen troch boargemaster Crone fan Ljouwert yn de Achmeatoer. Dêrnei gie hy nei Strobos foar in rûnlieding by skipswerf Barkmeijer. De ambassadeur hopet wat op te stekken fan it wettermanagement yn Fryslân, want dat hat ek yn Fjetnam de takomst.

It giet dan ûnder oare om ferfier oer wetter en om it behearen fan wetter. Sneon sil de ambassadeur skûtsjesile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)