Ynformaasjebuorden yn Heech

© Omrop Fryslân
Wettersportdoarp Heech krijt meikoarten ANWB-buorden mei ynformaasje. Heech krijt simmerdeis in soad toeristen en dy binne faak nijsgjirrich nei hoe't Heech der earder by lei.
Pleatslik belang fûn dêrom dat der ynformaasje komme moast oer it doarp op ynformaasjebuorden. Willem Santema hat de tekst fan de buorden skreaun. Op tiisdei 31 augustus wurde de ynformaasjebuorden pleatst.