Cambuur komt mei sertifikaten

Fans fan SC Cambuur kinne meikoarten in stikje fan de klup keapje. Cambuur komt mei sertifikaten op 'e merk dy't keapers in soarte fan eigendomsrjocht jouwe. Cambuur wol besykje om sa ekstra jild binnen te krijen.
It inisjatyf foar de sertifikaten komt fan Pieter Tuinman, de foarsitter fan Stichting Beheer SC Cambuur Leeuwarden. Hy tinkt ek dat der in soad animo foar is. Mei-inoar binne 2499 sertifikaten beskikber. Ien sertifikaat kostet tûzen euro.