Trije Fryske akts op Lowlands

Trije Fryske akts binne dit jier te bewûnderjen op it Lowlands Festival dat freedtemiddei útein set is by Biddinghuzen yn de Flevopolder. Dat binne de garaazjerockers fan Daily Bread en de technomuzikanten Delta Funktionen út Ljouwert en Olene Kadar út Aldeholtwâlde.
It Lowlands festival duorret oant 'e mei snein. De Fryske akts komme allegearre op sneon yn aksje.