Maatregels tsjin oerlêst Weaze

Crone plakt in warskôgingsstikker op de doar fan in seksbedriuw
In gebietsferbod, wyklikse ferrassingsaksjes, in kollektyf prostitúsjeferbod. It binne in pear fan 'e strange maatregels dy't gemeente, plysje én ûndernimmers freed fêstlein ha yn in konvenant om de oerlêst op de Weaze yn Ljouwert oan te pakken. Hieltiid mear drugsdealers en kriminelen komme ôf op de rosse buert yn Ljouwert en dat soarget foar minder besikers en mear ûnfeiligens.
Omwenjenden en ûndernimmers binne wiis mei de maatregels.