Fytster ferwûne op Skylge

20 aug 2010 - 10:39

In 69-jierrige fytster fan Warkum is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok by Midslân op Skylge. De frou stie lâns de Heerewei te wachtsjen foar in krúspunt, doe't in 48-jierrige automobilist út Tilburch oer har foet ried.

De frou rekke ferwûne oan har skonk. It slachtoffer is mei de rêdingsboat nei Harns brocht. Fan der út is se nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)