Diskusje VVD oer haven Harns

19 aug 2010 - 21:21

Der moat in yngreven diskusje fierd wurde oer de takomst fan de haven fan Harns. Dat wol de fraksje fan de VVD yn dy gemeente. De bestimming fan de haven is no sa dat der allinnich bedriuwen komme meie dy't seehavenbûn binne.

Neffens de VVD wurde te hege easken steld oan de komst fan nije bedriuwen. It wurdt foar besteande bedriuwen ek dreech om út te wreidzjen. De VVD wol dêrom it wurd seehavenbûn feroarjen yn 'haadsaaklik haven- en wetterbûn'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)