Opknapbeurt doarpshûs Wytgaard

© Omrop Fryslân
It Oranjefûns stekt 40.000 euro yn it opknappen fan doarpshûs 'De Twirre' fan Wytgaard. Dêrmei is it budzjet rûn en kin de renovaasje begjinne. Neist in doarpshûs is it ek in sporthal en dy wurdt ek opknapt.
De Twirre is fan grut belang foar Wytgaard. Alle sportferienings meitsje gebrûk fan de seal en dêrnjonken is der ek noch in jongereinsintrum. De ferbouwing moat begjin takom jier klear wêze.