Wer mear minsken sûnder baan
Yn hiel Fryslân is de wurkleazens it lêste jier tanommen. Yn Kollumerlân en Achtkarspelen binne fierwei de measte minsken harren baan kwytrekke. Dêr is it oantal minsken sûnder wurk nammentlik tanommen mei 31 en 24 persint.
Beide gemeenten hawwe in soad minsken dy't yn de bou en yn de transportsektor wurkje. Der is mei skrik op de grutte taname reagearre.