Crone net iens mei krityk ACP

Korpsbehearder Crone fan de plysje Fryslân
Korpsbehearder Crone fan de plysje Fryslân is it net iens mei de krityk fan plysjefakbûn ACP op de besunigingsplannen fan it korps. Yn in brânbrief oan Crone hellet it fakbûn flink út.
Crone is ferbjustere oer de skerpe krityk fan it fakbûn. Neffens him docht it korps der alles oan om foar te kommen dat der minsken op strjitte komme te stean. Sa wurdt der konstant lobbye yn Den Haach om mear jild te krijen.