Mear huzen ferkocht yn Fryslân
Yn de earste sân moannen fan dit jier binne der yn Fryslân in lytse 2700 huzen ferkocht. Dat is sa'n fjouwer prosint mear as in jier lyn. Lanlik waarden der goed oardel prosint mear huzen ferkocht. Dat docht bliken út sifers fan Woningmarktcijfers.nl.
De gemiddelde keapsom yn de provinsje leit op in lytse twa ton. It tal ferkochte huzen yn Nederlân leit altyd noch sa'n fjirtich prosint leger as yn it topjier 2006.