Koning bliuwt by Hearrenfean

19 aug 2010 - 19:03
  • Gerry Koning

Gerry Koning bliuwt definityf by Sportklup Hearrenfean. De âld klup fan Koning, FC Volendam, hie ynteresse om Koning te hieren. No't Koning wer tichter tsjin de basis oan sit en Volendam net in soad jild hat, bliuwt Koning dit seizoen by Hearrenfean.

Foarige wike stie de ferdigener noch yn de basis tsjin FC Twente. Ferline jier spile Koning yn it begjin in soad wedstriden, mar ûnder de trainers Jan de Jonge en Jan Everse spile hy hast nea mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)