Fryske sporten op de wii

19 aug 2010 - 16:30

Studinteferiening Bernlef yn Grins hie tongersdei de wrâldprimeur foar de Fryske wii-games. Sy mochten keatse, fierljeppe, skûtsjesile en ringstekke op de spulkompjûter. De games komme oer in pear moanne yn de winkel.

It bedriuw Grendel Games fan Ljouwert is noch yn ûnderhanneling mei ferskate útjouwers. In part fan de opbringsten komt wer by de Fryske sporten terjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)