Soad skea oan hûs troch brân

Foto: Jan Beets/112nederland
In koarte mar fûle brân soarge tongersdei foar in soad skea yn in wenning oan de Willem Barteles van der Kooijwei yn Stynsgea. De bewenners wiene sels net thús. Omwenners warskôgen de brânwacht. Dy hie de brân gau ûnder kontrôle.
It fjoer is mooglik ûntstien troch koartsluting yn de televyzje. De reekskea oan de wenning is sa grut dat de bewenners tydlik nei in oar hûs moatte.