Stellen auto fûn yn Rotterdam

19 aug 2010 - 13:27

In VW Caddy dy't op 12 augustus yn Ljouwert stellen wie, is yn Rotterdam werom fûn. De plysje seach de auto riden en sette him oan de kant. De bestjoerder, in 51-jierrige man sûnder fêst wenplak, koe gjin ferklearring jaan wêrom't er yn in stellen auto ried.

De man is oanhâlden en nei it buro Ljouwert brocht. De eigner hat de auto wer ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)