'Boaiemproseduere kânsleas'

19 aug 2010 - 10:35

In boaiemproseduere oer de tariven en fartiden fan de fearpont nei it eilantsje De Burd by Grou is in heilleaze wei. Dat fynt boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim. It is wol it goed rjocht fan de bewenners fan De Burd om har gelyk te heljen.

Woansdei ferlearen de bewenners foar de twadde kear in koart pleit oer de tariven fan de fearpont. Neffens de boargemaster is it foar de bewenners better om de tariven no mar te akseptearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)