Man dielt klappen út

19 aug 2010 - 10:07

In man (23) út de Grinzer Pein hat woansdeitenacht in pear klappen krigen fan in man út Drachten (24). Hy wie yn in kafetaria op de Noardkade yn Drachten. Hy stie yn de doar fan de snackbar doe't de Drachtster mei syn auto oanriden kaam.

Hy stapte út, rûn yn de rjochting fan it slachtoffer en joech him fuort in pear klappen yn it gesicht. Dêrnei stapte er wer yn 'e auto en ried fuort. De oanlieding leit mooglik yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)