Strang rookferbod Tjongerskâns

18 aug 2010 - 20:34
  • Dit mei nei 1 septimber net mear (foto's: Omrop Fryslân)

Pasjinten, besikers en personiel fan sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean meie fan 1 septimber ôf ek net mear bûten it sikehûs smoke. It sikehûs wol in sûne libbensstyl útstrielje en wol dêrom dat alle pasjinten, besikers en personiel yn spesjale romten in sigaret opstekke.

In soad minsken smoke foar de yngong fan it sikehûs en dêr kinne pasjinten lêst fan hawwe. Personiel fan it sikehûs sil bûten tafersjoch hâlde en smokers wize op it smookferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)